Mankelyk
Noch in pear dagen en in handstje fol ûren en it âlde jier is foarby. As je der by stilstean wurre jo wat mankelyk. Je ontkomme er net oan om efkes werom te sjen.
“Hat it ôfrûne jier my brocht wat ik er fan ferwachte hie?” Guon minsken hawwe grutte foarnimmens sa as net mear smoke en net mear drinke. En fansels elts jier wolle in party minsken hun kilo`s kwyt. De wize wer op rint soms de spuigatten ùt. De dieeten fleane jo dizze dagen om ‘e earen, de iene is noch fremder en yngewikkelder as de oare.
Ik ha ek es in sherrykuer folge. Dat wie my wat. De hiele dei fleurich en blier, sjongend efter de stofsûger. Tige gol foar negoasjerinners en minsken mei kollektebussen. De winkelman mocht my ek hiel graach. Dochs hat dat dieet mij neat holpen. Allinne wie it de fleurichste kuer dy ik ea hân ha.
As ik sa werom sjoch binne der sawol fertritlike as bliide mominten west. Fertritlik om minsken dy wy net misse koene en dochs los litte moasten. Mar ek bliide mominten, sa is it libben: dea en berte lizze deun byelkoar.
Al mei al bin ik in tankber mins dy ûndanks alles bliid troch it libben giet. Dus gean ik net allinne “Mankelyk” mar ek mei “Hope”it nye jier temjitte en de lèzers fan myn stikjes winskje ik it selde.
Haha. Folgens mij wit ik dat nog; die Sherry kuur 🙂 Us memmeminske wie tige fleurich, dat wol.
Efkes serieus; foaral bliid bliuwe. Ùs mem is der goed yn. Oan ‘t tongersdei!
Wist it noch, dat hat dus wol yndruk op jimme makke.
Ik hoopje dasto ek de bettere siden fan jimme mem yn`t ûnthâld haste.