Steuring
“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man.
Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat in ferantwurdlikens. As hy jild nedich hat as hy moat wat witte oer jild saken, dan moat hy earst by my -de boekhâlder- wèze.
Ik nim myn tiid der foar en freegje wiidweidiich wer hy it foar nedich hat. En dan gean ik der foar sitten. Ik genietsje fan it momint. It bankkaartsje en de dentifier leit klear. It sil heve: de spanning stiiget, myn man sit neist mij, nijskjirrich hoe it my ôfgiet.
Dan komt er in melding:
Het standaard dashboard kan niet worden opgehaald.
“Wat is dit nò wer?” sis ik. Myn man giet oerein en seit: “Sneu mar ik tink das sto wat ferkeard dyn hast.” Ik skilje mei de bank. Triomfantlik rop ik; “Der is in lanlike steuring.” Efkes letter: “Hast ek wat jild nedich?“
Wat moat dy man nò sûnder syn boekhâlder? Sis nò sels…
Geld maakt gelukkig, ik weet het uit eigen ervaring!
Te weinig ook, ook uit ervaring!