Leafde hat syn beheindens
Mei in gejuichje springt Stientsje tsjin myn holle oan. De nacht is lang foar in kat dy yn in flat wennet.
En as ik dan oan de brogge sit is se ùt de skroeven, dan moat er earst krûpt wurde.
Sa ek fanne moarn, mei in grutte bôge komt se op my ta mar ûngelokkigerwize tsjin myn gebid oan.
De helte fan de tosk falt op it board. Bestraffend sjoch ik har oan en sis: “Dasto bliid bist is moai mar sa hoecht it no ek wer net.”
Ik skilje de toskedokter en kin de selde middei komme.
Ik ha de heale tosk meinom want de tosk is wol tachtich jier âld, fansels . 😅
Efkes stean ik erby stil, wat hat san tosk wat foar de kiezen hân. Koalraap, winterwoartels, readebieten en alles wie rauw want it wie ommers do oarloch. Mar dertroch kin ik noch mei myn eigen gebit nei de toskedokter, tink ik.
De rekken kaam in pear dagen letter, ik ha him Stientsje lêze litten. It andert wie in krûpke mar gelokkich hie ik de mûle ticht.
Leafde hat sa syn beheindens…
It hie slimmer kind, sille we mar sizze.
Sis dat wol
Prachtig hoe je die hele tand meenam en wat die achter de kiezen heeft.
Blij dat ik weer wat van je hoorde, ik was al ongerust.