Berêsting
De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen.
It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april .
De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend.
In freondinne sei; “Dat haal ik niet. Bestel de ambulance nu meteen maar.” Se kin net mear rinne en slyt har dagen yn in oanpaste wein dy spesjaal foar har makke is.
Har ienichste ùtsje is efkes nei bûten te gean, de sinne op har gesicht te fielen. Ik ha mei har te dwaan mar wat doch ik der oan?
Yn in krinkje binne se oan it fuotbaljen, in famke flocht har de skonken ùt it gat, de bal fleant alle kanten ùt.
Fjierderop ha se de buorren ùtnoege kofje te drinken yn ‘e gong en mei genoch romte er tuske slagget dat ek noch.
In ynwenner soarget eltse dei dat de lju de krante yn ‘e bus krije, elts is ree om wat foar inoar te dwaan.
Mei in protte help en ynset fan it personiel en bestjûr fan dit aldereinhûs hawwe hjir gjin besmettingen pleats fûn.
“We moatte it mar oer ùs hinne komme litte.” seit de man, en treaun de rollater muoisum foar him ùt.
Ik jou him in triuw mei myn earmtakke want sa dogge wy dat hjoed-de-dei dochs.
Berêsting…