Steryl
De safolste brief falt yn de brievebus.
De direksje libbet tige mei. Soene se ek in mem as in heit, pake as beppe, yn in âlderein hawwe? It klinkt hiel meilibjend mar ha se wol underfining?
De rigels sille wol folgens it RIVM strikt opfolge wurde. Mar soene dy lju fan it RIVM ek famylje yn in tehûs hawwe?
Dat freegje ik my wol es ôf.
Der spilet him der hiel wat ôf yn dy tehûzen wert hja gjin idee fan hawwe. Ien persoan mei op besite komme en fan ôf nije wike twa minsken op oere en tiid.
De soan is west, hy mocht in oere bliuwe. Mei momkapke en in skelk foar komt er yn ‘e hûs. Fremd sjogge wy mekoar oan. Is dit him wol? Is dit net de soan fan de buorlju?
‘Komst nije wike wer ?’ freegje ik him nei dat it oere foarby flein is. It momkapke giet wer ôf en de hânnen wurde wosken.
‘Dag Mem.’ seit er, ‘Oant nije wike.’ en lit my steryl achter.
De rigels fan it RIVM…
“Dag Mem, oant nije wike”.Wat moai as je dat noch sizze kinne.