Yn de bocht fan de Boarn
It is sneintemoarn. Wat sil ik dwaan? Ik stean yn dubio. It is prachtich waar, it ûnthjit in moaie dei te wurden.
Ik mis de preek fan Omrop Fryslân út de prachtige âlde tsjerke fan Frentsjert. Lit my mar rinne betink ik my, en gean underweis nei in bocht fan ‘e Boarn.
Ik gean op de bank sitten en fernuverje my oer de syljachten, fan lyts oant grut
Dan hear ik it kweaken fan einen dy lâns de berm skarrelje. Ik hear memme-ein boppe alles út.
Myn each wurdt lutsen nei in rigele einepiken en begjin se te tellen. Binne dat net de alve einepiken dy op myn balkon berne binne, myn ‘beppesizzers’? Hja bliuwe in amerij driuwen en sjogge my oan, as ferbyldzje ik my dat mar?
Ik sis sêft, ‘Hiene jimme net efkes in berjochtsje stjoere kinnen? Fan ‘wy binne der alle alve noch?’
Memme-ein wol avesearje en giet al kweakjend fêst foarút.
‘Komme jimme wer es lâns?’ rop ik noch, ‘En pas op foar eksters, rôtten, katten en oar gefaar!’
Nei dat hja út it sicht wei wurden binne gean ik stiif oerein. Ik ha myn tsjinst hân. Net op in bank yn de tsjerke fan Frjentsjer mar op in bankje yn de bocht fan de âlde Boarn.
It wie in bliid wersjen…
Heel fijn zijn zulke samenkomsten