Diagnoaze (2)
Ik sit by de buorlju, sy hat in drege tiid efter de rêch en wol it wol graach oan ien kwyt.
En al gau is it ies tusken ùs beide brutsen. As jo op leeftiid binne, dan hat min it faaks oer eartiids en komme jo pratende wei by goekunde te lâne.
Ynienen komt myn hùsarts it hûs ynstowen, giet foar my stean en ropt; “Jo moatte no daliks nei it sikehûs! De planning wie moarnmiddei mar min wol dat it no daliks oangean moat…”
Ik bin net gau fan ‘t stik mar no wol en freegje mei triljende stimme; “Bin ik yn libbensgefaar, dokter?”
“Né,” seit er, “mar it sikehûs wol dat jo daliks komm. Se sille wol har reden hawwe.”
Mar as ik mei triljende stimme sis; “Wa past er dan op Stientsje? Dy kin net sûnder my.” en gean fierder mei in oerslaande stim; “Wa hat in auto en wa wol my der hinne bringe?”
De man oan de lofterkant doart net yn it tsjuster te riden, de buorman oan de oare kant hat de auto krekt fuort dien en hat allinnich syn rollator noch.
Mar dan komt der in frommeske fan it hûs oandraven. “Ik gean wol mei.” seit se.
En kordaat pakt se my beet en gean wy op paad. By oankomst steane se al klear om my op te heinen.
“Jo kinne gjin ieten as drinken krije, hear. Jo moatte nochter wêze.” seit it haad en giet wylst nei in oare pasjint.
Nei in nacht fan draaien en stinnen wurd ik ier en betiid ophelle en wurd beplakt mei elektryske triedden fan ferskate kleuren. “Sa, jo binne der klear foar.” seit it famke, “Se kinne jo ophelje.” en lit my allinnich.
Nei oeren wachte te hawwen mei in roppige mage en in kâld boppeliif komt er in jong fintsje oanstowen. Dat blykt de sjirurch te wêzen.
“Sorry hoor,” seit er hymjend, “maar de ingreep gaat niet door. We gaan een plaspil proberen.” Ik bin ferbjustere. ik bin er klear foar en noch nochter ek.
“Jo treffe it, dokter,” sis ik, “dat ik nochteren bin. Oars hiene jo ek kennismeitsje kinnen mei de net-nochtere kant fan my.” Hij kin der net om laitsje.
Efkes letter gean ik nei hûs. De sjirurch hat sels foar ferfier soarge. Dat dan wol wer.
Noflike Krystdagen en folle lok en seine yn it Nijjier tawinske.
Kryst is de tiid fan hoop en frede en ljocht. Dat nimme wy mei en dêr meie wy op betrouwe.
Hopelik giet it no goed mei jo nei de tocht yn sân hasten.
No sil ik noch de parren skile….
Elske do ek mei dyn Leafsten om dy hinne , en in goeie sûnens . hoop ik.