Optimistysk bliuwe…
Hy soe er rûn kofjetiid wêze.
Ier en betiid fan bêd ôf, fansels. Einliks al yn de nacht oan it skarreljen. Want sa bin jo as mem. Hâldt hy no fan reade wyn as rosé? Bier net, dat wit ik noch wol. In pear gebakjes kocht en ik bin er klear foar.
Mar it wurdt letter en letter en gjin soan te sjen. ‘Kom mar wat letter.’ ha ik noch sein; ‘It is hartstikke glêd.’
De telefoan giet. Hy seit: ‘Ik mocht er net yn want mem hie fane wike al ien op besite hân. D’r mei mar ien besyker iene wike komme.’
Hy is wer nei hûs gong. Ik ha de Oranjekoeke yn de djipfries dien en de wyn yn de goatstien lege.
Ien minske mei op besite komme, mar wa? Hoe moatte wy dat no hawwe? We hawwe twa soannen…
Rinne wy no net mear emosjoneel skea op dan troch it firus? freegje ik my ôf.
Oant nije wike, hear. Jimme moatte ûnderling mar útfjochtsje wa komme mei as wa net. As it mar ien persoan is.’
Optimistysk bliuwe. Wa sei dat ek wer?