Jierdei yn beheindens
Op myn jierdei, wer ik neat fan ferwachte hie, mochten mar trije minsken komme. No, dy wiene dy wike al west, dat ik hoegde gjin djoere Oranjekoeke te bestellen.
Ek de sliterij koe ik foarby ride, de drankoargels en dy thús nea sêd krije bleaune thús.
Myn broer en syn frou, dat wist ik, dy komme al salang as sij libje. Mar oare gasten hie ik net op rekkene. De measten sieten yn karantêne.
Mar geande wei waard de rûnte grutter en grutter. ‘Oardel meter! rop ik tusken de buorrel en it gebak troch. Mar nimmen ferstiet my net mear.
It petear giet oer it gefaar fan de besmetting. We binne it hielendal mei inoar iens; ôfstân hâlde, en sa krûpe wy geande wei tichter tsjin inoar oan.
It wurdt letter en letter en de sfear is goed. Wy binne it mei minister de Jonge iens, gjin feestjes, dat is te nuodlik mar san jierdei oan hûs moat dochs kinne?
En ik gean noch mar es mei in drankje lâns. It wie geselliger as eartiids do alles mocht en koe is min algemien fan miening.
Hja komme ien foar ien by my lâns en jouwe my in triuw mei de earmtakke.
‘Betanke hear!’ sis ik mei it moet fol en jou gjin tút. No ja, in lytske dan…
Tige tank, minsken!
Nea ferwachte mar in hiel soart werom krige.
It wie in jierdei yn beheindens. 😊
Gefeliciteerd
Wat een heerlijk verhaal, mijn gezicht is nog maar een en al glimlach