Oprjochte skamte

 

Ik bin yn de war.

Der komt safolle op my ôf, myn harsens kin it hast net mear byinoar feie.

Min is oeral opstannich en moat him uterje. Alles moat yn gruzeleminten; bushokjes, etalages, oare minsken, en alles wat min fjirder noch tsjinkomt op jin paad.

‘It is dochs mar fan in oar..’ en ramme der op los.

En it bart net allinne yn Hollân mar ek yn ús Heitelân! En dér sit ik no mei.

Wy wolle dochs Friezen wêze? Wy binne dochs oars as ‘dy oaren’? Wy dogge oan dy healwizens dochs net mei??

Litte wy ùs, as sa folle iuwen lang, ta foarbyld stelle. Praat er meie oaren oeren, hárkje nei inoar. Wy wolle ùs goeie namme as ‘Oprjochte Friezen’ dochs net kwyt?

Dat ús Skamte wer Grutskens wurde mei. Dán pas sil ik wer grutsk op myn lân wêze kinne…

Skamte. Oprjochte skamte.

 

LÊS EK:  Bliid gefoel
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>