Fuotbal
Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier.
Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners.
De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet Michiel ek nei hûs want de minsken, hoe âld sy ek binne, se wolle dizze wedstriid belibje.
Yn hun jonge jierren binne hja fêst lid west fan in fuotbalklup. Wa ken Abe Lenstra net? Jo hoege syn namme mar te neamen as de ferhalen oer ‘ús Abe’ komme los.
En sa sitte se allegearre foar de ‘buis’, thús as yn de mienskipsseal.
It is stil yn it pand. Allinne in inkele hat syn doar iepen setten en wol it diele mei in pear ferdwaalde minsken op ‘e gong.
De oare deis kaam de kater. Ferlern… Wa hie dat no tocht?
Dan mar sjoele. Der kin men noch mei winne teminsten…
Fuotbal.
[…] Lês fierder by Tiden hawwe Tiden […]