18 februari 2023 by Wokke In stikje Boarn “Âlde beammen moatte net to swier snoeid wirde…” Se binne in pear dagen oan it snoeien west. Wol acht man gongen der oer gear. Al it grien moast foart. Ek in rychje Bjirke beammen gongen tsjin de flakte, se hiene wol in pear jier wurk hân om sa grut te wurden. Enorme stobben waarden by de dyk set. Der waard in ridend toilet ûnder de lêste Bjirk del set. ‘Dy mei libjen bliuwe’, seine se fan heger hân. En sa ha ik in moai ûtsicht krige; in stikje Boarn is er foar yn ‘t plak kaam. In stream wert ik oan berne bin. En dochs moast ik mei blidend hert ôfsky nimme fan ‘myn’ griene freonen. Freonen, dy my troch in drege tiid fan fertriet en blidens hinne sleept hawwe. Oan alles komt in ein. Mar ek In Nij Begjin… 920 Mear fan dit:Yn de bocht fan de BoarnWat stjonkt it hjirreIt nutSùtrich waarOp kursus: fuortsetting Category: 2023, De wrald, Oer mijsels, Om it hus, Samar