Kringloop
Giet mem efkes mei nei de kringloop?’ freget de soan,
‘Wat wolst ha?’ freegje ik nijsgjirrich, mar ik wit it wol; we binne al in pear kear der op út west en hiel wat keukenstuollen besjoen. Mar hy is krekt en neat is nei it sin.
Se moatte nèt skurf wêze, as stikken. Sis mar ‘as nij’.
(Mar werom binne wy dan by de kringloop winkel?, freegje ik my sels ôf)
Mar it is gesellich, we moetsje in protte bekenden en hja fertelle allegearre weard se nei sykje. Meastal ha hja it sels thús yn de kast stean, mar binne it ferjitten as hawwe it oan de bern jûn.
De soan en ik geane op in gegeven momint út inoar, dat is better want dan kinne wy inoar net beynfloedzje.
Yn ienen bliuw ik stokstiif stean… ik sjoch in prachtich moai bankje! Tige lang om socht, mar nea fine kinnen.
Der wie altyd wol wat mei; ferkearde kleur, as d’r wie wat mei de poaten. Ik besjoch it fan ûnder oant boppe, d’r mankearret neat oan.
Mar dan… Twa frjemde froulju gean der op sitten en dûnsje mei hja grauwe eftereinen hin en wer op ‘myn’ moaie bankje.
Ik stean der mei kromme teannen nei te sjen. Soe hy dat hâlde? Dan geane se fuort, it bankje hymjend efter littend. Ik gean der sels noch mar ris op sitten en besjoch it noch mar in kear fan boppen ta ûnderen. Der komme noch twa froulju neist my sitten. en wippe ek op en del. Frjemd.
Mar dan seit er ien: ‘Der sit in briefke op. It is al ferkocht.’ ‘Te let.’ betink ik my, in bytsje teloarsteld, en sjoch wat er op it briefke stiet.
‘Foar mem’, lês ik, yn grutte letters. Wat blykt? De soan hat it foar my kocht.
Hy mei er fan my op sitte en dûnsje sa folle as hy wol…
Prachtverhaal!
Ik wens jullie nog veel meer van deze mooie kringloop-bezoeken.
Vrolijke voorjaarsgroet,
wat een fijne zoon!
En wat een fijne momentjes nog om van na te genieten.