Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit.
It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje.
Mar ik bin der noch lang net oan ta, bin noch te drok mei it libben. Mar De Wet hat sein dat elkenien san ien ûndertekenje moat, en as dy jinge wat oerkomt, dan wit de dokter wat hy dwaan moat.
In hartstikke goeie saak fansels, mar ik fyn it dreech hear…
Hoe wit ik no wat er yn de takomst mei my barre sil?
Krij ik in ûngelok en kom yn koma. as sil ik troch ien as oare rare kwaal siik wurde?
Ik ha myn beswieren oan de bern út lein, mar sy seagen it oars en litte it oan my sels oer. Ik kom ùt in generaasje wer dat net oan bar wie.
Myn heit sei: ‘As it myn tiid is, dan is it sa.’ Myn mem hie in oare eftergrûn, en joech it yn betrouwen oer oan har Skepper. Mar no binne de tiden oars, as it no safier is, dan helje se it papier op ‘e lappen en lêze wat de ferstoarne wolt hie.
It giet oars. Alles giet oars, mar dat is de tiid en sa moat it ek, As it mar mei begryp en respekt barre mei…
Hast tafallich in pinne by de hân dy ‘t it docht?