De seeman
“Wer moatte jo hinne?” freget de sjauffeur. “Ik moat nei de apteek.” “Best,” seit er; “komt klear.”
“Jo namme leit my wol: De Zee. Dat harket goed.” “Hoe sa?” freegje ik. “Ik bin trijentritichjier seeman west. Alle see-en fan de wrâld ha ik befarre.” Myn ynteresse is wekke. “Wat ha jo dan dien foar wurk?” freegje ik him. “Fan alles.” seit er; “As jonge nei see gong en stadich oan opklom. Fuotfeint, meganisien, stjoerman en ùteinlik kaptein. Doe moast ik ophâlde: myn jierren siten der op.”
“En nò sjauffeur op in taksje?” sis ik. “Ja,” seit er; “ik waart gek fan neat dwaan en myn frou fan my. Dan mar sjauffeur wurde en minsken moetsje sa as jo wer`t ik myn ûnderfinings oan kwyt kin.” “Wannear moatte jo wer nei hûs?” freget er; “Jo witte noch lang nèt alles.”
Ik rin nei hûs. Yn myn tinzen bin ik by de seeman. Hoe soe it ferhaal fjirder gean?
En de medikaminten, dy bin ik alhiel fergetten…
De beste zeeman maakt gezond!
Zolang je je medicijnen vergeet op te halen is dat een goed teken.