by Wokke
Fertriet
Stientsje –ùs kat– is fane wize. Se is net harsels. Se is net de âlde Stientsje.
Us buorman is fane wike stoarn..
Salang wy hjirre wenne ha, wiene sy grutte freonen. Se rûn, oer de rânen fan it balkon, alle dagen nei de buorman ta. Se kaam net yn’e hûs mar gong foar it raam sitten en seach frijmoedich de keamer yn.
Somtiden siet sy foar it sliepkeamers raam, ek as hy besite hie.
En sa gong dat jierren troch. De man fûn it best en ek noch gesellich .
Mar no is hy stoarn en Stientsje mist him. It hûs is leech, d’r is neat mear te sjen.
Ik ha efkes ûnder twa eagen mei har praat en útlein dat dea gean by it libben heard.
Mar har itenspantsjes bliuwe leech want Stientsje, dy hat fertriet…
706
Wokke, je schrijft nog altijd met zoveel gevoel en diepgang.