Allergysk
“Sjoch sto ek wat oan my?” freget myn man.
“Nè,” sis ik; “do bist noch krekt sa kreas as eartiids allinne in bytsje âlder.“
“Ik ha it gefoel dat ik yn brân stean.” seit er.
“Hast yn de sinne sitten?” freegje ik.
“Hoe kin dat nò? It reint al dagen achter elkoar.” merkt hy op.
Dy selde nacht begjint de ellinde. Fan bed op en ôf en midden yn de nacht dûse. Ik hear it geheister oan en krij gjin wink yn de eagen. Dan mar kofje sette en sjen nei Hjoed. “Mar nò is it nacht.” tink ik en kin de eagen net mear iepen hâlde. “Ik gean wol op de bank.” Dan sjoch ik him stean. ‘Soe dat myn oare helte wol wèze?‘ freegje ik my ôf. Hy sjocht der ùt as in daamboerd sûnder stiennen.
“Ik bin gek fan de jokte.” seit er.
Efkes letter sitte we by de dokter.
“Jo binne earne allergysk foar.” seit er; “Mar wat dit is in riedsel.”
We krije salve en pillen foar de jokte. Dan yn ienen giet er by my in ljocht op.Wy hawwe slaat iten mei blèdsjes fan de Bernagie as wol Komkommerkrûd. De buorman sei tsjin my dat de blêdsjes mar ek de blomkes hearlik yn de slaat smakket. En dat ha ik dien. Mei it resultaat dat ik net iens myn eigen man mear kin allinne troch syn lûd.
“Sille wy fannmiddei slaat ite?” freegje ik him.
“Ast`t der moar nèt blommen yn dochste.” seit er al skobjend.
Wat hat de Bernagie prachtige blauwe blommen. Ferriederlik moai!
Er zijn nog veel meer, andere, misschien ongevaarlijke eetbare bloemen(want dat smaakt vaak inderdaad erg lekker in de sla, maar ziet er ook zo leuk uit!)
http://www.degodin.nl/zaden12.htm#bloemen