D at wurdt neat’, sei Dokter Snijder, do hy him oer it ombouwe widske bûgde. It wie in bôllekoer fan Bakker Kooistra west.
Hy beseach it bleke, skrale popke es en gong hastich de doar út; ‘Mar faaks rêdt hja har wol,’ sei hy tsjin ús mem, ‘se hat sokke grutte blauwe eagen.’
En dat is moarn, op tsien jier nei, hûndert jier lyn. Dokter Snijder hie it gelokkich (net) by it rjochte ein; dat earmoedige popke fan noch gjin trije pûn sil moarn, Deo folinte, njoggentich jier wurde…
‘Dat wurdt neat’ 😀
[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]