Iensumens (hoecht net)

Wer geane jo hinne mei de feestdagen?‘, wurdt my noch wolris frege, hjir yn dit âlde minsken gebou.

Foar elkenien is it och sa wichtich, want de measte lju wenje allinnich. Somtiden hear ik de iensumens der yn troch klinken.

Se binne bliid foar de bern dat dy it sa goed dien ha yn’t libben. Dat moatte wy dan ek faak hearre.

En no binne heit en mem goed te plak, der wurdt goed oppast.

Mar by somlike âlders komt dan de fraach op; binne se ús fergetten? Oan de oare kant; iensumens komt ek by de jongerein foar.

Mei minder wurden: mei it each op de kommende dagen: sjoch om jimme hinne, en meitsje d’r mei-inoar gesellige dagen fan.

Der sille jimme gjin spiet fan krije!

LÊS EK:  Fuotbal
  • >