“It komt wol goed”
It stikje Begripe hat aerdich wat besite en trije reaksjes opsmiten. Wierskynlik binne der mear memmen dy wol ris mei hun jeugd yn debat geane. Mar èk wol ris tinke: “Wat doch ik ferkeard?” as “Hoe moat ik hjir mei oan?“
Ik wol gjin âlderwetske mem wèze en op ‘e hichte bliuwe fan dy dingen wer`t sy mei dwaande binne. Freonen hawwe es ferdôvjende middels besocht om der achter te kommen wat dèr sa ferslaavjend oan is. Sa fier sil ik net gean mar ik wol witte wat sy fine wat de sin fan hun libben is.
Der stiet tsjin oer dat sy ek ynteresse hawwe moatte foar myn wize fan libjen. De jongerein libbet yn in hiele oare maatskippij dan wy went wiene. Foar hun is it ek nèt altiid maklik om hun wei te finen yn dizze tiid fan grutte untwikkelings en mooglikheden. Dochs wol ik mei hun pratende bliuwe foar sa fier as sy wolle en dèr sit ik nèt oer yn. Allinne it iene bern giet it petear oan en de oare fynt it in spul om neat. “It komt wol goed, mem” seit er, lûkt oan syn sigarette-eintsje en dêrmei ùt. Sa is dat.
Hâlden fan is ek Begrip en Betrouwen.
“It komt wol goed”