De skipper
We binne ûnderweis nei Mook: myn soan fan 15 en ik. We hawwe gjin idè wat ùs te wachtsjen stiet. We hawwe de kaart er by. Sa witte wy dat it by Nijmegen leit. Yn de yntimens fan myn auto geane we tegearre op wei. We sizze net folle, wat moatte wy ek sizze? We sjoche der beide ôfgriislik tsjin oan om ôfskie fan elkoar te nimmen. Hy sil in oplieding folgje foar skipper mei internaat.
It begrut mij ta de tienen ùt. Noch nea fan hûs west. Hoe soe dit ùt pakke?
Myn man ek ik ha hiel wat ynfermaasje ynwûn foar dat wy ta dit beslùt kamen. It wie in roomsk internaat mei in izeren dissipline en waart bestjoerd troch âld skippers. Fan alle fiif internaten dy ùs lân riik wie sei men dat dit de beste wie. Nei dat wy kennes makke hiene mei direkteur en stèf riid ik nei hûs. Ik ha it hiele ein it net droech hâlde kint. Dû ik amper thùs wie gong de telefoan mei in wanhopiche soan oan de line. “Mem moat my dalik ophelje want jo moatte hjir de hiele dei op de knibbels krûpe! En as mem my net dalik ophellit rin ik foart!” Myn andert wie: “Do past dy mar oan, ik helje dy net op.” Ik ha in minne nacht hân. Twa wike letter kaam er thùs en prate nearne oer. Op myn fraach;”Moast noch de hiele tiid op de knibbels krûpe sei er wat achterleas:”O, dat… dat wie ûntgriening….”
Wy hawwe it nearne wer oerhân. Mar dizze jonge is keardel wurren op dat skippersinternaat. Hy hat fan alles mei makke it measte waart net ferteld. Hy en syn maten moasten fan alles ûndergean. Jonges ùt stèdden as Rotterdam dy it libben ûnmooglik makken. Mar kleie lei net yn syn karakter. Dû de grutte dei oanbruts fan de eksamens slagge hij as de bèste leerling.
Net mei de heechste sifers mar mei de grutste ynset.
En nò fart hij al hjirren as Kaptein op de Rijn, de binnen- en de kustfeart. Wy ha grutte bewûndering foar dizze jonge dat net in learder wie mar in trochsetter…