Soe it passe

Soe it passe om ùs nei it sikehûs te bringen? Wy moatte der om dy en dy tiid wèze.

Wy binne ôfhinkelik wurden. Wy hawwe ùs libben lang elts in auto hân. Dat betsjutte selsstannigens en frijheid. Dan is der samar de tiid fan ‘Soe it passe‘? Alles goed en best mar sis nò sels; hoe fier komme jo op twa skonken?  

Ik bin noch aerdich redsum en hoopje dat sûnder roljend ark fol te hâlden. Mar myn man wurd minder op ‘e gong. Wy binne tige lokkich mei it lokale ferfier dat ùs fan doar nei doar bringt. Mar om in oar te freegjen as sto mei ride meiste, dat is hast nèt oerhinne te kommen.

Ik woe in kear nei in byienkomst en skille mei ferskate minsken. Mar net ien koe lâns  komme. Se hiene allegearre wat oars. Der sei immen tsjin my; “Ik ha in lytse auto kocht. Dy is goedkeaper en dan kin ik ek net mear passazjiers mei nimme.” Ik ha him noait wer frege. De man hie gelyk fansels. Jo kin ek net in auto oanskaffe foar in oar, dat begryp ik best, mar dochs… 

Jin sels skeuke en skobje kinne, der giet it om.

“Soe it passe om my nei de toskedokter te bringen? Sis mar wat it kostje moat.”

LÊS EK:  Fereale
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>