Grutsk
Ach, wat binne wy grutsk op Epke. Wy sjoche dy jonge ùt de Lemmer troch de loft fleanen as hie hy noch noait oars dien. Nei jierren fan trainen fan lyts jonkje ôf yn de achtertùn fan syn âldelju mei twa fan syn bruorren. Tsjinslaggen hat hy hân en dochs troch sette.
Der stiet hy dan, op it erepodium yn Londen. De hiele wrâld hat sjen kinnen wat in kunstner hy is.
Myn man en ik binne djip ûnder de yndruk en kinne it net droech hâlde as it Wilhelmus spiele wurdt. Wat sille syn âlders en femylje grutsk op hun Epke wèze. Mar ek binne wy tige fereale op de oare Friezen dy sulver en brûns helle ha. Eiglik ha wy foar alle atleten grut respekt foar hun prestaasjes.
Wy steane wer op ‘e kaart en kinne sjen litte wer`t Fryslân leit en wat foar minsken dèr wenje.
Binne jimme ek grutsk?
Ja, tige :-D!!