Ferset
Ik bin opstannich, pûr en opstinaat…
Wy, myn man en ik, hearre by de grize grutte kliber. Dat wurd ùs alle dagen ynpepere troch it regeer en de media. We wurre te djûr foar de maatskippij. We hawwe nearne rjucht meer op. En as jo op âlde leeftiid yn in âldeminskehûs telânne komme, dan kin der gjin dûs as skjinne broek mear ôf.
Nè, wy moatte ùs soargen meitsje oer ùs neiteam!
Se prate jim ek noch skultgefoelens oan. Ùs hiele libben hawwe der foar wrotten en betelle en nò moat it mar es ophâlde mei dy A.O.W. Dy âlde hap hat wol jild mei hun dikke pensjoenen… Mar hoe moat it dan mei de minsken dy altiid selfstânnich west ha? Sy ha gjin pensjoen opbouwe kinnen en hja hiene skreppen om de kop boppe wetter te hâlden.
Nè, wy moatte tankber wèze. “Jimme hawwe it sa goed! Sjoch es nei dy earme lânnen, dy minsken ha hielendâl gjin A.O.W!” seit men.
Ik bin wol ris mei myn gewisse yn de tys want moatte wy net om ùs meiminske tinke? Ik wur hinne en wer slingere tusken meilyen en meilibjen… Mar wat wol fremd is: wat is it noflik as de buorren ùs paad sniefry meitsje en boadskipje foar ùs. Ik wol wol âld wèze mar net fan hegerhân sa behânnele wurre. Healwiis net? Ik moat wol sizze: wat bin ik opknapt nò ik myn galle spuit ha yn dit stikje.
Moat ik faker dwaan.
En sa is ‘t! De alden hawwe dizze maatskippij grut makke! Der stiet tsjin oer dat ‘jimme’ noch AOW krije. Ik bin nyskjirrich hoe dat weze sil wanneer wij, de middenmoat oan kar binne. Ik moat nog minstens tweintich jier wurkje en ‘t is mar ôfwachtsjen wa de rekken dan betellet.
It bliuwt ofwachtsjen.
Yn elts gefal; een goed stikje wer. Bliuw mar lekker opstannich! Da’s goed foar de ynspiraasje;-)
Ik wit it wol, ik wie juster wat kwart om è hoeke miskien. Ik gun jimme de A.O.W.ek fan herte, fansels. Mar alle dingen hawwe twa kanten. Mar der moat in oare wei socht wurre,liket my om de tekoarten yn de takomst oan te kinnen.
Mar wa bin ik, ik ha genoch oan myn eigen hùshâldboekje.
Lekker hè een blog, kan je flink je ‘ei’ op kwijt en Mem heeft helemaal gelijk!!