De kostumiere
“Ik wit in baan foar dy.” sei myn suster. Ik hie de hùshâldskoalle hân mar wat nò? “Moast mar fjirder yn naaien,” sei ùs mem; “der bist noch al goed yn.“
Mar ik wist it nèt. Yn de fyftiger jierren wie der foar arbeidersbern net folle kar. Fierder leare koe net: dat wie net foar my wei lein. Yn it doarp folge ik naailessen en brocht it ta kostumiere. Mar der moast fertsjinne wurde fansels. En sa kaam myn suster mei in advertinsje ùt de krante.
Der waarden skroars frege foar in atelier yn Jirnsum. Wy dèr hinne. Wat wie ik senuweftich. Solisitearje hie ik noch noait dien. In sjeffin op leeftiid stie ùs te wurd en ik waard oannaam. Acht jier lang ha ik der wurke. It wiene lange dagen: fan sân oant sân. Der wurken san tweintich famkes ùt de omjouwing. It wiene jierren fan hurd wurkjen mar mei in protte wille.
Doe kaam der in grutte feroaring yn myn libben. Ik waard fereale op de soan fan de baas. Elkenien spruts der skande fan. “It fanke is op it grutte jild ùt…” sei men. “Hoe krigest it yn ‘e holle? Hast goed wurk. Wèrom moats nò krekt op de soan fan de baas falle?” seine myn âlders.
Nettsjinsteande alle wjerstân om ùs hinne setten wy troch. En nõ binne de kostumiere en de soan fan de baas al in heale ieuw byelkoar.
Sjoche jimme wol dat it bèst wol mooglik is?