Swimles
“Hy hat nò in A, in B, in C en in D diploma.” seit de mem grutsk. “Giet hy ek fierder troch?” freegje ik. “Ik wol it graach mar hy wol nèt.” seit se. Se is dùdlik teloarstelle se hie hege ferwachtings .
Ùs jonges gongen ek op skoalswimmen. De gemeente liet ien kear yn de wike in bus ride en sa ontkaam net ien bern oan dizze belangryke sport. Mar troch dat er besunige wurde moast waarden swim en godsstsjinstlessen skrabbe. Twa hiel wichtiche underdielen yn de opfieding fan it bern gongen ferlen.
Ek wy hiene eartiids in swimbad tusken Âldeboarn en Beets, yn de bocht fan de Boarn. Op kusjebânnen -it wie oarloch- en noch faker by elkoar achterop gongen wy nei skoaltiid te swimmen. Der wie in offisjele baaimaster. Ik wie wat skrutel foar him. Hy strielde macht ùt. Hy hie in sniewyt pak oan mei bypassende pet. Wy moasten om barren oan in tou dy fèstmakke wie om de muddel. Hy luts jin dan op en sa learde hy ùs de swimslach. As je nèt dienen sa as hy it woe liet hy je eefkes kopke ûnder gean.
Hy hat my bybrocht om ek yn it deistiche libben optiid it tou fêst te gripen oars soe ik kopke ûnder gean….
It swimbad bestiet net mear der is in prachtich hûs op kaam te stean.
Tiden hawwe tiden…