Freonskip
Ha jimme ek freonen en hoefolle? As jo minsken der nei freegje, dan wurd er faaks sein: o, ik ha sa folle! Mar ek wol wurd er sein: ik hoech gjin freonen, ik ha net ien nedich.
As ik by mysels nei gean, dan kin ik noch al wat minsken. Mar werom, wy wenje en libje al hjirren yn it selde plak. Dû wy jong wiene en it ùs foar de wyn gong, och wat hiene wy in freonen. Mei jierdei`s koene se net yn è keamer. Wy waarden frege op ferskate feesjes en partyen. Och, wat wie dat in tyd- wat in freonen hiene wy.
Mar dû kaam er tsjinslach yn ùs libben. De saken gongen net goed en de omstânnichheden wiene beroerd. Stadich oan waar de freonenkring lytser. Earst hiene wy it net troch wy hiene wol oare dingen oanè kop. In inkele kaam noch wol ris lâns mei meilydsum praat. Dochs bleunen er in pear oer. Yn dy tiid hawwe ûnderfûn wat echte freonskip yn hâld.
En dochs hat min in freon nedich as is it er mar ien. In echte freon dy`t je net beskoalmastert oer de wize fan jo libjen. Dy je nimt sa as je binne.
Okker dei`s sei in jongefint tsjin mij: ik bin ynkoartens jierdei mar ik wol er neat fan ha. Wa moat ik freegje? Ik ha net ien. Dat docht mij sear want net ien minske kin en moat allinne wèze. Der kin in tiid komme dat je mekoar nedich ha. En wat is it moai om mei elkoar te laitsjen en te gûlen. Mar jo moatte wol jo best er foar dwaan, freonskip komt net fansels, is net fergees en is net ûnbaatsuchtich.
Gelokkich ha ik in Freon dy `t mij troch en troch kin, mij nimt sa as ik bin en dat falt foar him net altyd mei!
Wer een wierheid as in ko. Sûnder freonen kin een minske net. En dan bin ik altyd noch fan betinken dat it oantal d’r net ta docht. Wol de soarte.
Mar wer ik ‘t net mei iens bin is ‘it feit dat je jo best der foar dwaan moatte. Dan sit d’r ergens net wat goed. It moat rinne of it doocht net. Mar je moatte der net foar wurkje hoeve. Krekt as mei in relaasje.
Do hast gelyk as`t mar ien goeie freon hast. Mar freonskip moat fan beide kanten komme. Oars hiene dyn âldelju it net 52 jier ùthâlden.
Mar wy, soan binne dochs grutte dikke freonen net!