Deilis
Der falt in grou flokwurd. Noch ien en noch ien. Hy is dwers troch alles hinne lilk. We sitte bûtendoar en kinne alles hearre.
Ùs buorman is frachtweinsjauffeur én ôfkeurd. Hy hat apneu krigen en dan mei jo nèt mear achter it stjoer. Wiken hat de wein op it parkeerterrein stien. Regelmjittich siet hy efkes yn de kabine. En nò hat hy him ferkocht. De wein waard ophelle. Der stiet hy dan en sjocht him nei. In bytsje foaroer mei de hânnen yn ‘e bûse.
It tafriel grypt my oan. Jierren hat hy op en del riden nei Frankryk. Somtiden wol twa kear yn de wike.
De tùnskutting oan de achterkant moat opknapt wurde. En sa sitte wy tegearre de oare deis neist elkoar op in krukje. Dan ynienen seit er; “Hast my justerjûn wol heard, tink? Ik bin noch al opljeppend, sjoch. En doe kaam sy er noch by te eameljen. Mar foar it grutste part kaam it troch mysels. Ik hie myn dei net. It greep my ôfgryslik oan dat myn libbenswurk ophelle waard.“
“Mar we hawwe it justerjûn wer bylein, hear.” seit er. Wylts fervje wy troch: hy mei wite en ik mei brune ferve. “Ik begryp it wol, jong. Ik hoop dasto oer in skofke dyn slinger wer fine meist .
En is it somtiden deilis. Ús mem sei altiid; “Foar de nacht goed meitsje, hear! ” En sy hie ûnderfinings…
Wat kun je toch mooi vertellen.