Hortinsje
Ùs Hortinsje stiet er prachtich by. Hy is hielendal feroare fan kleur sa as hy fan`t simmer wie. Hy wie blierread, nò kin ik de kleuren net goed mear beskriuwe. It is in mingeling wurden fan read nei rôze. Se binne yn elkoar oer rûn.
Ik kin er nèt genoch fan krije en gean der gau ris foar sitten. Fol fan bewûndering.
En as dan de sinne der op skynt helje ik myn man erby en dy kriget dan ek in stoel. Der sitte wy dan; èk in pear minsken yn de hjerst fan hun libben. Dan freegje ik my ôf; binne wy op ùs âlde dei ek sa kleurich foar ùs omjouwing? Striele wy ek noch sa folle moaiens ùt?
Mar ek Hortinsjes moatte aanst snoeit wurde om op in oar jier op ‘e nij yn de pronk te stean. En sa is de syklus fan it libben fan Minsken en Hortinsjes wer rûn.
De stuollen wurde opburgen. De hjerst is ùt ein set.
Ik heb wel eens gehoord van groente vingers, maar jij hebt dus read nei rôze gaande vingers, en volgens mij met een spatje blauw hier en daar.
groene vingers bedoel ik 🙂
Altijd noch beter dan lange vingers.
Nja, minsken mei lange fingers hawwe iens alle knopkes fané hortensje stellen, om’t dy je yn hegere sferen bringe soene. Mar dat is ek wer oerdreun en de horrtinsjes ha der lokkich net folle fan te leien hân. Die bloeit noch iyn folle glorie. Hjir net, ik ha die twa yn us blombak te entosjast snoeit tink ik, en op in noarden binne se der ek net meer fan bekaam. It binne suteriche takjes sûnder blommen bleun. ‘t oare jier sil ik se mar ferhûsje nei de oare kant fan it hiem.
Ha die Wokke,
Met die prachtige schrijfsel ben je minstens zo kleurrijk als die hortensia! Wil je wel een in een van mijn gemeentes stukjes komen voorlezen?
zusterlijke groeten,
Graddie
Hja binne allegearre yn it Frysk dat kin wat dreech wurde.