Hawwe jo in mem?
Max en ik dogge in rûntsje. Nei in lange nacht wurd dat heech tiid. We komme in klofke minsken tsjin mei in beheining. Hun fersoarchster rint foarop. Se hat de stap er yn en hat dùdlik gesach.
As wy hast foarby binne bliuwd in jong frommeske stean. “Hawwe jo in mem?” freget se my. “Ja,” sis ik; “mar dy is al lang lyn ferstoarn.“
“Mar hawwe jo nò in mem?” hâld se fol. Hja binne benijd nei myn antwurd. Se geane yn in kring om my hinne stean. Max is der ôf. Wat moat hy nò? Blaffe as de poat omheech dwaan? “Ik ha wol in mem.” ropt er ien. De oandacht giet nei de jonge dy wol in mem hat.
In âldere man seit; “Myn mem wol neat mear fan my witte.” Hy sjocht tryst foar him ùt. “Mar,” seit it earste famke; “myn mem is dochs ek dyn mem?” “O, dan is it goed.” seit er mei in bliid gesicht.
De fersoarchster wurd ûngeduldich. “Mei komme jimme!” ropt se. Mar it klofke bliuwd stean. Der untstiet in diskusje oer wa wol en nèt in mem hat. It grypt my oan en sis; “Jimme hawwe dochs allegearre in mem! Sjoch, se rint foar jimme ùt. Sy is dochs èk in bytsje jimme mem?“
It groepke komt yn beweging. Max kriget in aai oer de kop mar hy hat wat tsjin minsken dy oars as oars binne en grommelt.
Mankelyk rin ik nei hûs en tink; ‘Wat is in mem dochs wichtich yn in minskelibben…‘
Us mem is koartlyn stoan. Har hiele libben wie se striidfeardich foar har âldste mei in beheining. It boske mei Hortinsjes út de tún stoun neist har yn de lêste dagen dat we har noch thús hiene. Dat de wiere mem dyselde is dy de bern grut bringt en elke dei der foar se is ha wy by freonen fan ús heit en mem wol sjoen, die oannommen bern hiene. Mar ik tink net dat in fersoarchster fan minsken mei in beheining genôch tiid kriget om in mem foar har te wêzen. Se binne profesjonelen, mar soarch is in kwestje… Lês mear »
Dat is wier en spitich dat it hjoed de dei ekonomysk besjoen wurd.Mar in goeie fersoarchster mei hert foar dizze minsken kin in soart betsjutte, as sy nèt mear thus wêze kinne.
Je bent zelf moeder!
Maar of een moeder nou echt zo belangrijk is…
De mijne niet.