Unferdraachsumens
Wat is er dochs mei ùs wrâld oan è hân? Hoe kin dat nò dat der san unferdraachsemheid tusken folken bestied?
Nò wurre de Kopten -kristenen- ùt Egypte wer ferfolge en bedrige. Altiid is er wol earne op de wrâld geweld tsjin minsken dy oars leauwe as oars tinke. Mar wy kinne der ek wat fan. Nim nò Amsterdam wer `t homo `s hast net mear feilig de strjitte op kinne. Wer`t Joadse minsken yn dy selde sted hun keppeltsje net mear doare te dragen. Wer`t in doarp yn Fryslân in joods gesin foart pest hat.
Wat is er mei ùs oan è hân? Hoe tinke wy yn ùs neiste omkriten der oer? Wy hawwe minsken om ùs hinne wenjen ùt ferskate lânnen op è wrâld. In Surinaamse buorfrou, in gesin ùt Irak, in Poolse frou en ien ùt it Bosnische. Ùs beste freonen binne homo en we hawwe freondinnen dy lesbysk binne. Wy ha der nea by stil stien want we kinne mekoar al jierren. Wat ferbyldzje wy ùs wol? Wa binne wy dat wy ùs boppe oaren stelle kinne?
It is goed om te hearren wat er yn de wrâld geande is mar bliuw wol tichte by hûs. It bard ek yn ùs strjitte. Soene wy net yn it lyts sjen litte kinne dat wy oars wolle? Dat wy net wolle wat ùs oandien wurd, wy it oaren ek net oandwaan wolle?
In âld frysk sechje seit; “De wrâld.. dat binne wy mei elkoar…”