Hearst my wol?
“Komst thus te iten?” freegje ik; “As moast wer fuort?“
Hy sjocht my oan. Ik sjoch oan syn eagen dat hy der nèt by is. Eartiids doe hy op de legere skoalle siet sei de skoaldokter; “Lokwinske. Jimme soan is nèt mear dôf.” “Wie hy dan doof?” freegje ik; “Neat wat fan murken.“
Ik hie wol faak tocht; “Wêrom seit hy neat as ik him wat freegje?” It hat yn de tiid wol es wat argewaasje jûn. Dan waart ik koart en sei; “Do hearst antwurd te jaan as wy dy wat freegje.“
Troch de jierren hinne ha wy leard om der mei om tegean. Wy binne der achter kaam dat hy him inkeld mar op ien ding konsintearje kin. En dan komt er noch by: hy is in perfeksjonist. Mar somtiden seit er yniens; “Dat is de tredde kear dat mem dit seit. Mem wurd âld.”
Nettsjinsteande syn behining is hy dochs mar kaptein wurden op de Rijn- en binnenfeart. Mar misskyn komt dy konsintraasje him nò goed fan pas.
Ach jonge. Hoe faak ik it ek werhelje moat, it is my noait tefolle.
“Hearst my wol?”