Petear
Soan D. seit; “Mem mei wol skerper wurde, hear. As sis mar plan ùt hoe mem oer de dingen tinkt.“
We hawwe it oer myn webside. En dat is wier wat hy seit. Der rin ik faaks tsjin oan. Skriuwe oer polityk, leauwen en it sekslibben. Hoe nijsgjirrich dat op himsels ek wêze kin. Wa sit op myn miening te wachtsjen? Docht dat er ta? Feroaret de siteaasje der troch?
As ik Facebook as Twitter lês dan tink ik faaks by my sels; moat it sa?
De moderne media: we kinne der nèt mear sûnder. It is in geweldich fenomeen. Elk kin sizze wat er tinkt as wer`t hy as sy foar stiet. Mar binne der ek noch grinzen as kin jo alles mar spuie wat jo dwars sit? Soks leit my nèt. Wêrom sil ik immen der mei sear dwaan as skramje?
Mar it kin èk wêze dat ik my nèt bleat jaan wol, fansels. En wer is dat ek foar nedich? Lit my mar mei myn skriuwsels wat by hûs bliuwe. Der is safolle te belibjen om ùs hinne, allinnich der moat min wol each foar ha.
“Jonge, ik sil oan dyn wurden tinke en stean oeral iepen foar. Hâld my mar skerp en by de tiid.“
We hawwe it er noch wol es oer…
Lang ferlyn bin ik een weblog begûn. Yn earste ynstânsje om minsken te fermeitsjen. Doe al wiene d’r al minsken die kwetst rekken troch wat ik skreaun. Op it lêst hie ik ‘t allinnich noch mar oer de fûgeltsjes en bijtjes (Fryske wurd wit ik efkes net). Mar dat wie ik net. Uteinlik ha ik besletten om foar mijsels te skriuwen. Ik fiel mij der folle nofliker bij. Gefolch is wol dat ik een protte lêzers ferlen bin underweis mar tagelyk ek een hiele protte nije der foar yn it plak krigen ha. D’r is altiid wol ien kwetst. Der doch je neat… Lês mear »