Reboelje
“Ha jimme Jack Russels?” freget de man. Op de stoepe stiet in plysjeman yn unifoarm mei alles op en der oan. Ik wurd der kjel fan. Soe der wat mei myn sibben wêze?
Mar al gau seit er; “De buorlju ha lêst fan jimme hûnen. Se hawwe te folle heibel.“
“Dat kin nèt.” sis ik. Se hawwe allegearre hûnen en wy kinne pûr bèst mei elkoar opsjitte.
Dan yn ienen komt my wat yn`t sin. Ferline wike hie ik it tùnhek efkes iepen litten. Slof fan my fansels. Ùs Max seach syn kans en smeerde him. Mar foar it hek kaam krekt syn aardsfijân foar by. In jonge man mei oan ‘e line in pûr lulke herder.
Nò moat ik sizze dat dy hûn ôfrûnne simmer de kat fan de buorlju dea biten hat. Dus ik kin der wol yn komme dat hy dy hûn nèt lije mei en sa pakte hy de man mar yn ‘e bokse. Op myn roppen kaam hy daliks nei mei ta. Syn lyts ôfknipt stutsje hinget skuldich nei ûnderen. De man en de herder taaie ôf.
Nei dat ik it ferhaal oan de plysjeman ferteld ha sil hy nei de herder en syn baas om hun kant fan de saak te hearren. Ik ha mei Max in stevich petear hân . Folgens my begreep er alles fan. Hy hâld ek nèt fan reboelje.
En as de jonge mei syn hûn komt, binne wy der klear foar. Wy litte ùs nèt dea bite…