Boeddhabylden en Tibetanen
Twa hûnen mei ôfgryslik lang hier skeuke tsjin my oan. It binne Lhasa-Apso hûnen. Hja komme ùt Tibet ha se my sein. Foar it gemak nim ik de iene mar Stopjern en de oare Sokkejern.
Sy moasten nei in begraffenis en krekt om dy tiid soe in monteur komme. En sa fregen se my om efkes te hûswarjen. Ik sjoch es om my hinne; it is mei smaak ynrjochte. Sy is in Yndonesyske en dat is dùdlik te sjen. Fjûrreade kleden sierje de muorren. Felle kleure blommen steane yn fasen sa grut as molkbussen.
Ik ha der efkes oan fielt mar alles is nep. Ùt elke hoeke fan de keamer staart my in Boeddhabyld oan, èk grutte jonges. De iene glimket nei my en de oare sjocht my ferwitend oan. Wêrom wit ik net.
Dochs hat dy keamer wat… der hinget in aparte sfear. It is stil om my hinne. Soe dat nò fan de Lhasa-Apso’s komme as fan dy stiennen jongens? Skril spat ik oerein. De monteur is er. Hy sjocht es om him hinne en freget; “Bin ik hjir wol goed?“
“Ja hear,” sis ik; “kom er mar yn.” Stopjern en Sokkejern fine it goed.
Nei dat ik de Boeddhabylden en de Tibetanen goeie sein ha gean ik nei myn eigen sljochthinne hûs en hear…