Fiif Bokkings
“Wer kin ik jo mei helpe?” freget de fiskboer.
“Twa lekkerbekjes mei krûden.” sis ik.
De fiskkream stiet grot fol. Ik gean er mar by sitten, dit sil wol lang duorje.
Tusken de klanten stiet in ôfgriislik dik frommeske. Noch frij jong, ik rûzje har yn âldens fan tweintich. Se is klaaid op de kilo`s. Se hat in wide blûze oan wer `t de tippen fan yn de learskes hingje. Se hat in ôfladen rêchsek en ferskate folle tassen by har.
“Wat wolle jo ha?“ freget de man. “Graach fiif bokkings.” seit se. “Om mei te nimmen, hear! ” “Moat er ek in sauske as wat krûden by?” freget er. Wylts de man de fisk yn de hjitte oalje smyt freget se; “Wat moat dat kostje?”
Op in serfetsje wurd it ùt rekkene. “Safolle ha ik nèt by my.” seit se; “Doch dan mar fjouwer en sûnder sauske en krûden.“
It frommeske hâld my yn de besnijing. Hoe soe dit ôfrinne? Dan wurde de bakte bokkings op de toanbank lein. Se is er dudlik mei oan klaud. De bûsen fan de jas wurde omkeard. Wat lyts jild falt op ‘e grûn. Se hat krêkt jild foar ien fisk. Mar de fiskboer bliuwd by `t stik.
Ik ha mei har te dwaan en freegje; “Hoefolle moat er noch by?” Spontaan docht elkenien de ponge iepen en giet se mei fiif bokkings nei hûs .
Der komt in goed gefoel oer my. Wat is nò moaier om mei elkoar wat foar in oar te dwaan?
“Dat hiene jimme nèt dwaan moatten.” seit de fiskboer; “Dit flikt se my elke kear wer.“