Nivellearje
Midden yn de nacht wurd ik troch wiet wekker fan it swit.
De baas fan it taksyferfier stiet by myn bed. Neist him stiet de hierbaas fan Accolade. Ik gean oerein en sjoch in frou fan de WMO der achter stean. Tusken it ploechje minsken stiet ek noch de loko-boargemaster.
Se roppe allegearre yn koar; “Wy moatte nivellearje!”
“Gean foart!” rop ik oerstjûr; “Wy dogge nèt oars!“
Ien foar ien ferdwine se yn de nacht. En ik… ik gean der mar ôf. Sliepe wurd dochs neat mear.
Jo kinne de tillevyzje nèt oan sette as de iene nei de oare figuer hat it oer nivellearjen. Ik wit nèt hoe as it jimme fergiet mar ik kin it nèt mear oan hearre. Ik set it lûd gewoan ùt.
“Wat is eiglik nivellearje?” freegje ik him. “Gewoan lykop partsje.” seit er. “O,” sis ik; “as it oars net is…“