Sunichheid
“Wat is it hjir gleon!” rop ik en sjoch op de termostaat. “It is nèt te leauwen. Dy stiet op 27! Wa hat oan dat apparaat sitten?!“ rop ik.
“Ik.” seit er; “It wie hjir sa kâld.”
Troch dat hy de lêste tiid klomsk wurden is jout hy dat ding sa no en dan in raam. En altiid krèkt as ik de doar ùt bin.
“Wat hawwe jimme it hjirre gleonhjit.” seit de soan en set him omleech. “Ik ha him altiid op tweintich.” giet er fjirder.
“Ja,” sis ik; “do giest er allinnich oer. Dat is maklik praten.”
“We moatte sunich weze.” rop ik hieltiid.
It elektrysk is djoer wurden. En ferjit net dat ik okkerdeis ponghâlster wurden bin. Troch dat hy min sicht krige hat hy it oerdien. Nò ik it sels yn hânnen ha bin ik gearhâldend wurden. It is in obsesje oan it wurden. Nèt mear ljochten oan as it net nedich is en de nep-krysttûken allinich by tsjuster.
Hy sit foar de televyzje mei in dikke trui oan en de pompeblêden mûtse op.
Wat is it gesellich. Wy skimerje wer …