In Miening
In bekinde Nederlander sei yn in ynterview; “Se hawwe allegearre in miening oer my. De iene fynt my geweldich en de oare fynt my in lul.“
In waarman sei; “Se fine my hiel sympatyk salang it moai waar is. Komt it oars ùt dan bin ik in fint fan neat.“
Wat is dat dochs dat wy sûnder immen te kinnen al witte hoe hy of sy yn elkoar sit? Ek ik meitsje my deroan skuldich. Wy hawwe ùs miening fuort klear. Mar mieningen rinne faaks ùt ien.
As ik ien nèt leie mei fynt in oar him just hiel geskikt. Gean wy op it uterlik ôf is it de gemy fan de persoan?
It kin ek barre as jo ien moetsje dat it fuort klear is. As hiene jo him al jirren kinnen. De iene persoan stjit ôf en de oare lûkt oan. Ik bin noch al gefoelich fan wat de lju fan my fine. Net ùt idelens as sa mar ik wol mei eltsenien ien buorkje kinne.
Mar ja; ast it mar mei dy sels fine kinst. Dat is myn miening.