Ungerêst
“Mem wit nèt wat in earmoede der is.” seit er. In soan fan ùs docht frijwillegerswurk by in soart as kringloopwinkel. Se steane ier en betiid al yn de rigele. It rekket him, hear ik wol. Dit hat hy nea witten.
Ik stean yn in supermerk en dy hat altiid in hoeke mei spul wat oer datem is. It winkelfamke seit; “Der binne minsken dy der op stean te wachtsjen. Wy kinne it sa gau net oan slepe. Wat kin hun de datem skele?”
Efkes fjirder op by de kassa is er argewaasje. It wie ôfprize mar noch net by de kassa.
In buorfamke hâld my oan; “Hoe giet it mei jimme?” freget se. “En mei dy?” freegje ik. Se hat ûntslach krige en skriuwt oeral op. “Se fine my te âld. Ik bin fyftich west.” seit se mismoedich.
Ik sels bin fan in aldens dy de earmoed noch kint hat. Ik freegje my ôf kin de jongerein dy opbrocht binne yn wielde der mei omgean? Mar ik wit ek dat de jongerein fleksibel is. Se passe hun altiid oan.
Tiden hawwe Tiden.