Slochtwei hinne
“Wat bin ik bliid dat dizze dagen om binne.” seit de soan.
“Wêrom?‘ freegje ik.
“Al dat getùt en en gekrûp fan minsken dy jo amper kenne. Al dy oerdreune oandacht foar minsken dy oan de underkant fan de maatskippij libje. Litte se dèr it hele jier nei om sjen. Al dat gepraat oer frede en moarn brekt earne op ‘e wrâld de hel wer los. Al dy goeie foarnimmens wat bliuwt er fan oer?“
“Jonge,” sis ik; “dat is dochs moai dat de minsken dy foarnimmens noch hawwe? Hast sto dy dan nèt?“
“Ja,” seit er; “ik wol fan it roken ôf.” en stekt in sigaret op.
“En dochs leauw ik dat it ien kear goed komme sil mei ùs ierde.” gean ik fierder.
“Ach mem…” seit er.
“Wolst mei my de binde fan de sjutterij opromje?” freegje ik.
En sa stean wy efkes letter ienriedich de brot by elkoar te feien. It hat wat symboalysk fyn ik. De rommel fan it âlde jier oprêdde en op nij begjinne.
“Dochs bin ik bliid dat alles wer slochtwei hinne is.” seit er.
“Ik fan `t selde.” sis ik.
Wannear soe er wer san waarm momint komme tusken ùs beide?
Misschien zijn er veel meer warme momenten maar ontgaan ze je door andere zaken.
Dat tuuten vind ik ook vreselijk, zelfs politici staan elkaar al te tuten, gekker moet het niet worden.