Fans
Ja, minsken ik ha trije fans. Dat kin nèt eltsenien sizze.
Mar der binne fansels ek guon dy tûzenden fans hawwe. Dy geregeldwei yn Carre, De La Mar as yn it Posthûs steane. Mar sa fier sil it mei my noait komme.
Ik sil ek noait op de middenstip fan it Abe Lenstra komme te stean. En ek nèt yn de kroade fan Fryske boeken lizze. Ik sil noait in ùtnoeging krije foar it boekenbal. Mar ek nèt neamd wurde by ferneamde Fryske skriuwers. As frege wurde foar Omrop Fryslân, Afûk as de Fryske Akademy.
Mar min kin èk net alles hawwe. En derom bin ik bliid mei myn trije fans; hja stimulearje my. Tûzend kear wol ik ophâlde mei myn skriuwsels en it boartsjen mei de taal.
“Wannear komt er wêr wat?” seit de ien.
“Hast al wêr in nij stikje?” freget de oare.
En de tredde seit: “It wurd hieltyd better. It wurd noch wol es wat…“