Muoike
Hawwe jimme ek wol es immen moete mei wa it fuortendaalks klikte? Sis mar in ûnbekend minske dy jo noch nea earder tsjinkommen binne?
Dat oerkaam my. Doe ik jierren allyn trouwde wie de femylje fan myn man my osa fremd.
Lang is dat sa bleaun. It sil him èk wol oan my lein hawwe. Ik wie tige onwis en wist my faaks gjin hâlding te jaan. Ik woe it sa goed dwaan dat eltsenien my aerdich fûn. Sa dat de femylje my in geskikte oanwinst fûn. Nò ja, sa wurket soks nèt fansels.
Der wie ien muoike by dy sei: “Wolkom hear. Ik bin hiel bliid dat ik dy kinnen leard ha.”
It waart in libbenslange freonskip. Geregeldwei kaam ik by har en dan fertelden wy mekoar alles. We hiene it oer har en myn deistiche dingen. Se stie altiten mei ried en died klear. Foar myn gefoel wie sy myn skoanmem -nè- myn mèm wurden.
Hjoed komt de soan by ùs en dan hawwe wy it noch es wiidweidich oer syn –myn- mem. Ik mis har noch altyd, dizze muoike. It wie in minske-minske sa as er mar ien wie en ea west hat…