Freonskip
Der sit se ûnderùt yn har stoel op har fêste plak.
Ik bin op besite by in freondinne dy ik al hiel lang ken. Jierren binne wy befreone west. Wy koene mekoar fan binnen en fan bûten. Wy wiene ûnskiedber en altiid tegearre op stap.
Sy en wy siten beide yn it bedriuwslibben. Oan alle siden fan ùs libben paste it. Sy krigen dochters en wy krigen soanen. Yn de rin fan de tiid ferkochten sy hun bedriuw. Ik begong mei in winkel en sy reizgen de hiele wrâld oer. Jierren letter moetsje wy elkoar wer en de freonskip waard wer oppakt.
Mar it is nèt mear sa as it ea wie. Se is feroare en is net mear it golle frommeske dat ik koe. Se is berekkene wurden en libbet allinnich yn har eigen beheinde wrâld. Ik freegje my ôf wa nò it meast feroare is; sy as ik?
Se skowt de rolstoel foar it rùt en swaait my nei. Mankelyk rin ik nei hûs en mis de freondinne fan eartiids.