Macula
Der sitte wy dan, myn man en ik yn in wachtkeamer fan in hiel grut eachsikenhûs. Ik sjoch ris om my hinne. Soe der ek in bekinde by wèze? Mar hoe soe dat ek? Dy minsken komme allegearre ùt it westen.
Mar stik foar stik ha sy in ferbânt foar it each. De iene hat him lofts en de oare rjochts. It spiit my om it te sizzen mar ik ha it gefoel dat hjir in teaterstikje opfierd wurd. By it sjen fan dit ploechje minsken kin ik it laitsjen hast net litte. Yn myn eachen binne it allegearre Mosje Dajan`s
Ik gean oerein en sjoch om my hinne. Soe min hjir ek kofje krye kinne. Dèr is in kofje apperaat mar dy wol allinne produsearje as hy euro`s sjocht. Ik kin it ding net oan ‘e praat krye. Al gau rint de wachtrûmte leech en foar dat ik it troch ha stean se om my hinne. Se drukke allegeare op ferskate knoppen. En ja hjer, der komt cappuccino ùt mar sûnder bekerke der ûnder. Lokkich ha de measten in pleister oer de eachen en sjogge de rafaasje net. Mar ik tink by my sels ‘wie ik mar thùs bleun, dan hie ik gewoan kofje setten’.
Troch de alteraasje ha wy net heard dat ùs namme oproppen waard en in ûngeduldige assistint stiet ùs te wurd. De eachendokter seit tsjin myn man: ‘Jo hawwe Macula‘ Dat is net best fansels en ik libje tige mei him mei.
Mar dochs klinkt it my as Drakula yn de earen.
Foar alle minsken yn dy wachtrûmte hoopje ik dat sy goed sicht krye meie fan ‘e dingen om hun hinne…