Kriminelen
‘Wolle jo in stap te bek gean?” freegje ik de man achter my.
Ik stean foar de kassa yn in supermerk. It is dringen. Ik fiel de azem fan de man yn myn nekke. Hy mompelt; “Sorry.” en giet in stap achterùt.
Wat is dat wat hjoed de dei? Dat jo gjin mins mear betrouwe kinne. Ùs soan kaam mei stickers thus en plakte ien op de foar- en achterdoar. “Wat betjsut dat?” freegje ik.
“Dat hâld ynbrekkers bûten de doar.“
“Mar wer is dan de kamera?” Ik hie ek wol es wat heard. “Dy sit earne ferstoppe.“
“Mem moat noait har rekkennûmer jaan. Sawol foar de telefoan as op de kompûter.” seit in oare soan; “En as it jûns tsjuster wurd de doar net mear iepen dwaan. Wy skilje wol as wy komme.“
“En as immen oerdei by de doar komt; earst freegje nei syn as har yndentiteitskaart.” seit myn man. Wij fûnen es in man bûtenwesten by de foardoar. Wy hellen him yn hûs, joegen him kofje en in brogge. Wylts hong hy fremde ferhalen op dat wy siten er hast by te gûlen. Myn man fertrouwde it net en skille de plysje. Hy wie bekend by hun en moast in nacht de sel yn.
Ik ha eartiids mei krige om minsken te helpen op wat foar wize ek. Mar kin dat hjoed de dei noch?
Dochs lit ik my nèt fan`t stik bringe. Kriminelen sille rekken mei my hâlde moatte.