Mokses
“Wa kin my helpe!” rop ik nijsgjirrich.
De lampkes boppe it oanrjucht ferhippe it wer es. Yn it tsjuster bin ik oan it griemen en kin neat fine. Nije lampkes kocht mar nè hear.
Myn man is mear it type fan ried jaan en in oar it wurk dwaan litte. “Moast earst sjen as it oan de triedden leit.” seit hy. “En wat foar soarte skroevedraaier moat ik ha?” freegje ik. “Do moast in krùskop ha.” seit er.
Hoe sjocht san ding er ùt ?
Yn myn libben ha ik al hiel wat koppen sjoen mar noch nea in krùskop. En as dat noch nèt genoch is docht de printer it èk net. En dy moat ik hjoed krekt brûke. Ferwezen en mei de pest yn sjoch ik om my hinne. Wat nò? “Rêstich bliuwe.” sis ik tsjin my sels; “Do moast dy nèt sa opwine. Earst mar in glêske wyn en alles mar wat besinke litte.“
En dan, bjusterbaarlik; de printer docht it wer. “Goh, wat bin ik dochs hândich. Ik bin grutsk op my sels.” En nò de ferljochting boppe it oanrjucht noch.
“Ik lit in monteur komme !” rop ik. “Betellest sto dy ?”
Wat bin ik dochs in mokses op it mêd fan de technyk….