Beppe
“Binne jo al beppe?”
“Hoe sa?” sis ik. Hûnderd kear wurd my dat frege.
“No ja. Jo hawwe de aldens.” is it antwurd.
“Hawwe jo al beppesizzers?” komt er faaks achteroan. As ik dan skodholje komt de fraach; “Misse jo dy dan nèt?”
“Nè,” sis ik; “ik wit net wat dat is. Wat jo net kenne, misse jo ek net.“
Myn suster hiert mei har jierdei in pleats ôf se kin se oars net kwyt. “Hoe machtich wiene jimme?” freegje ik. En dan begjint se op te neamen.
“Hâld mar op.” sis ik; “Ik bin de tel al kwyt.” En as se dan mei de beppesizzers begjint freegje ik altyd; “Fan wa is dat ien?“
Wat ha wy it dan maklik tink ik by mysels. As wy jierdei binne dan kinne wy rom en breed om de iterstafel sitte. Presintsjes kinne er noch ôf en wy hoeche gjin buorkerij as in lokaal fan`t tsjerke te hieren. It hat sa syn foardielen.
Mar dochs freegje ik my somstiden ôf oan wa moat ik letter myn merk en de broddellappen nei litte? Wer`t myn bertejier en namme yn benaait is? Miskyn hat de âldheidskeamer fan Âldeboarn der wol niget oan.
As de neven en nichten fansels. Sy sille fêst tsjinelkoar sizze; “Dat is noch fan dy nuveraardiche muoike mei har skriuweraasjes.“
En hie dizze beppe dochs beppesizzers hân, wa hie har noch ferneame wollen mei san fremde Fryske foarnamme?
Wat kinne jo moai skriuwe.
Hiel bysûnder om te lezzen.
Elly Galama
Tige tank Elly, fan dy in komplimint dat docht my goed.