Fotomodel
Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan?
Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde.
En sa stiet er op in moarn it frommeske Sandra op de stoepe mei de kamera yn oanslach. Soan D. hat ‘wat’ regele op Facebook.
Myn man en ik ha it witten. Yn alle standen waarden we ferivige. Fan de iene stoel nei de oare, dan wer mei de earmen om elkoar hinne. De gerdinen ticht en wer iepen. Ik moast sels yn de tùn ùs grutte beam oan omearmje.
“Foarsichtich,” sis ik; “is dat nedich foar in webside?” Myn man en de hûn binne allang weiwurden. “Wost hjir ek ite?” sis ik; “It sil nò wol dien wêze tink ik.“
“Der moat noch ien shot komme.” seit se; “Jo moatte noch foar de kompjûter sitte.”
De fotosesje is foarby. Ùtpoept liz ik efkes letter ûnderùt. Wat ha ik in bewûndering foar Doutzen Kroes; dy docht net oars.
Jimme sille wol sjen wat it wurden is.
Ik hoop dat u er niet al te moe van bent geworden! En u was een ware Doutzen!
Dank je, en jij was een geduldige fotograaf.