Heit
Ik bin in kast oan it opromjen en kom it kondolèânsjeregister fan ùs heit tsjin. Ik gean op de grûn sitten en begjin te blêdzjen. Op de earste bledside stiet syn namme, berne yn it jier 1904 en ferstoarn op 27 novimber 1968.
Fiersten te jong rekkenje ik ùt. Wat is nò 64 jier hjoed de dei?
Hy hie kanker. Jierren allyn wie dat al begong. Yn it begjin fan de oarloch hat hy op de Grebbeberg fochten. Nei in wike fan fermist wêzen kaam hy as ienichste oerlibjende fan syn nûmer thus. It hat syn hiele fjirdere libben tekene.
As fûleindich SDAP-er waard hy in kristensosjalist. Hy hie te folle sjoen en meimakke. Doe gong hy by it ferset sa as mannichien die.
As jongste bern mocht ik altyd mei. Achter op de fyts nei Terbant wer `t syn âlden wennen. Dan moast ik fan him sjonge; dat joech sa moai lûd oer de ûnslochte stiennen. En as wy it`s nachts kâld hienen, dan die er syn duffel oer ùs hinne.
En sa kin ik noch wol folle mear oer him fertelle mar dat soe in telang ferhaal wurde. Ùt waardearring hawwe de soan nei him ferneamd.
Ik bin op`t ein fan it kondoleânsjeregister, kâld en styf kom ik oerein.
Yn in moai stikje papier mei in gouden lint er omhinne pak ik in dierber libben yn.